Nij ynfoblêd foar boeren

02 jul 2011 - 14:14

Wetterskip Fryslân komt mei in spesjaal ynformaasjeblêd foar boeren. It blêd krijt as namme 'Agrariërs'. It wurdt stjoerd oan alle boeren yn Fryslân en it Grinzer Westerkwartier.

It blêd jout ynformaasje oer aktuele wetterskipsûnderwerpen en regelingen, lykas de heffing op grûnwetterloazings. Der sit in ek bylage by dy't giet oer it beskermjen fan gewaaksen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)