Fokke Postma wint yn Marum

02 jul 2011 - 12:42

Hurdfytser Fokke Postma fan Burgum hat freedtejûn de Ronde fan Marum op syn namme skreaun. Postma siet mei yn in groepke fan fjouwer renners dy't flak foar de ein útnaaiden. Fan dy fjouwer wie Postma yn de sprint de sterkste. De Ronde fan Marum is de fiifde etappe yn de 'Meerdaagse Noorderveld Westerkwartier'.

De liederstrui yn de ronde bliuwt stevich om de skouders fan Jos Harms út Oude Pekela. Sneontejûn wurdt de lêste etappe riden yn De Wylp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)