Weening tinkt nei oer takomst

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wol de kommende wiken rêst pakke en neitinke oer syn takomst by de Rabobankploech. Weening is yn foarm en hat goed presteard yn it foarseizoen, mar is troch de ploechlieding net selekteard foar de Tour de France.
Weening hie de Tour graach riden, mar wol no foaral foarút sjen. Bygelyks nei de Vuelta ein augustus. De Tour de France begjint sneon yn Passage du Gois La Barre de Monts.