Trio Van der Bos oppermachtich

01 jul 2011 - 21:32
It winnende partoer fan de masters (foto: Martin de Jong)

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat freed mei oermacht de 13e edysje fan de Masters op It Hearrenfean wûn. Yn de finale fan dizze frije formaasjepartij waard it trio Rutmer van der Meer, Karel Nijman en Hendrik Kootstra mei 5-1 en 6-2 ferslein.

Yn de earste en twadde omloop hiene de winners it ek net al te dreech. It partoer fan Martijn Olijnsma waard mei 5-2 en 6-0 ferslein, dat fan Jan Dirk de Groot mei 5-3 en 6-0.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)