Bou studintehûzen kin los

© Omrop Fryslân
Mei de ûndertekening fan it grûnkontrakt is der einlik grien ljocht foar de bou fan 240 studintewenten foar de kenniskampus yn Ljouwert. Dy hûzen komme yn it Rengerspark yn Ljouwert by de bernebuorkerij.
De wenten moatte july takom jier klear wêze. Kamerbemiddeling Nederland, dy't se yn behear krijt, wol se yn it stúdzjejier 2012-2013 ynsette kinne. As de hûzen dan yn july net klear binne, slagget dat net.