Bom by Surch oprêden

© Omrop Fryslân
De lytse bom dy't freed fûn waard yn de Gooyumerwegpolder by Surch is freedtejûn troch plysjes fuorthelle. Neffens in plysje-ekspert is it âlde eksplosyf út de Twadde Wrâldoarloch ûngefaarlik.
Nei de fynst waard de bom ûndersocht en nei de râne fan de polder brocht. Dat waard dien om graafwurksumheden yn it natuergebiet wer trochgean litte te kinnen. It eksplosyf sil letter ferneatige wurde.