Jonge bedriget sikebroeders

01 jul 2011 - 18:09

De plysje hat freedtemiddei yn Drachten in 17-jierrige jonge út dat plak oanhâlden, foar bedriging en fernieling.

De jonge hie krekt te hearren krigen dat er net langer yn Nederlân bliuwe mei. Hij ferwûne himsels, wêrop't der in sike-auto belle waard. Doe't dy kaam, bedrige de jonge it ambulânsepersoniel en fernielde er de sike-auto. Plysjeminsken ha him meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)