Schuil/Nummerdor groepswinners

01 jul 2011 - 17:40
Foto: Omrop Fryslân

Beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor bliuwe it goed dwaan by de World Tour wedstriid yn it Noarske Stavanger. Beide mannen wûnen ek harren tredde groepswedstriid mei 2-0, fan de Sinezen Gao en Chen. De setstannen wiene 21-16 en 21-17.

Earder hiene Schuil en Nummerdor ek al wûn fan de as twadde pleatste Amerikanen Rogers en Dahlhausser. De Nederlanners geane no as groepswinner nei de twadde ronde, wat in geunstige lotting opsmite kin.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)