Drugskontrôle yn Harns

01 jul 2011 - 17:27

By in drugskontrôle by de fearterminal yn Harns hat de plysje freed fan 17 minsken drugs yn beslach naam. Tsien fan harren wiene minderjierrich. Alle minsken dy't de boat nei Flylân of Skylge namen, waarden kontrolearre.

De aksje wie spesjaal rjochte op de toeristen dy't op de eilannen foar oerlêst soargje troch har drugsgebrûk. De minsken dy't oanhâlden binne, krigen allegearre in boete. De measten betellen fuortendaliks. Se hiene net in soad drugs by harren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)