Flatbewenners foar kryst werom

01 jul 2011 - 15:29

De balkons fan de Antillenflat yn Ljouwert moatte binnen fiif moanne hersteld wêze. De bewenners kinne dan foar de kryst werom yn har hûs. Dat hat wenningkorporaasje WoonFriesland ôfpraat mei de eigners en de hierders.

De Antillenflat stiet op de nominaasje om in gemeentlik monumint te wurden. Dêrfoar moat it gebou safolle mooglik de oarspronkelike foarm hâlde. Wol meie de balkons wat grutter makke wurde, sadat de bewenners mear bûtenromte krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)