Nijbou Erasmushiem by MCL

By sikehûs MCL yn Ljouwert komt foar 45 miljoen euro in nij soarchkompleks foar Erasmushiem mei 260 apparteminten. Ek komme der twa parkeargaraazjes en in grut tal soarchgebouwen. Op it plak fan it hjoeddeiske Erasmushiem komt in nije wenwyk. De plannen foar it bouprojekt wurde makke troch projektûntwikkeler Leijten út Drachten.
Direkteur Hans Jörg van den Berg seit dat der al in soad bedriuwen belangstelling ha foar it bouprojekt.