B'him fierder mei Wetterfront

De gemeente Boarnsterhim pakt it projekt Wetterfront Grou wer op. Omdat der te min jild is wurde net alle plannen útfierd. Boarnsterhim sette yn 2006 útein mei Wetterfront Grou, mar sette it wurk letter stil fanwege jildpine. Projekten as de ynrjochting fan de Blikpôle waarden net ôfmakke.
Doel fan Wetterfront Grou is om it doarp oan de Pikmarkant op te kreazjen. De jachthaven wurdt oanpakt en der komme in kuierpromenade en in sylsintrum.