Epke 'plankt' troch Tokyo

Epke horizontaal yn de metro fan Tokyo
Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat him op bysûndere wize sjen litten yn de metro fan Tokyo. Op Twitter hat hy in foto dêr't hy oan it 'planken' is. Hy hinget yn de metro langút op de rêch yn de ringen. Planken is in raazje. Minksen pleatse foto's fan harsels op sosjale mediasites as Twitter wêrop se as in planke lizze.
Zonderland is op dit stuit mei it Nederlânsk turnteam yn Tokyo foar in treningsstaazje. Se riede har ta op it WK dat yn oktober yn dy stêd plak fynt.