Heler oppakt yn Ljouwert

01 jul 2011 - 10:14

In 41-jierrige man is tongersdei yn Ljouwert oanhâlden fanwege it trochferkeapjen fan in stellen sloep. De boat wie earder stellen yn Grou.

Plysjeminsken seagen de man yn de Rozemastrjitte dwaande mei ûnderhâld oan de sloep. Doe't de man de plysje seach, naaide hy út. Hy sit noch fêst. De boat is yn beslach naam. De eigners hawwe berjocht krigen dat de sloep weromfûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)