Noch gjin opfolger Van Delft

30 jun 2011 - 20:58

Der komt noch gjin fakatuere foar in nije boargemaster yn de gemeente Menameradiel. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat dat tongersdeitejûn meidield oan de fraksjefoarsitters. Jorritsma wol graach oant jannewaris de tiid ha om mei it kolleezje fan deputearre steaten te bepalen hoe't de takomst fan Menameradiel derút komt te sjen.

It giet dan om de fraach oft de gemeente selsstannich bliuwe kin of dat it fusearje moat mei oare gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)