Moadeshow mei brassmuzyk

30 jun 2011 - 18:02

By de Waach yn Ljouwert wie tongersdei in moadeshow fan studinten fan it Friesland College op muzyk fan brassband Soli Brass út Ljouwert.

It iepenloftkonsert wie it slotstik fan in ynternasjonale masterclass foar diriginten. Der stiene tongersdei dan ek tsien diriginten foar Soli Brass. Ien fan harren wie de Ingelske topdirigint Allan Withington, dy't de ôfrûne wike trettjin jonge diriginten út hiel Europa ûnder hannen naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)