Tûke kamera's: minder ynbraken

30 jun 2011 - 17:27

Troch tûke kamera's op de yndustryterreinen Hearrenfean-Noard en IBF binne der 67 prosint minder ynbraken. Der stean 22 kamera's dy't fertochte bewegings trochjouwe oan befeilingsmeiwurkers. By yndustryterrein Súd op It Hearrenfean binne se ek dwaande mei de ynfiering fan in kamerasysteem. Dêr wurdt no noch wol in soad ynbrutsen.

Oare stêden hawwe ek belangstelling foar de tûke kamera's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)