Lêste tsizen út Dronryp

30 jun 2011 - 16:23

Nei 118 jier rôlje tongersdei de allerlêste tsizen fan de bân yn it suvelfabryk fan Dronryp. It fabryk moat ticht om 't eigner FrieslandCampina reorganisearje wol.

Sûnt 1893 waard yn Dronryp tsiis makke. It molkfabryk hie doe 54 leden en makke ek bûter en sûpe. Troch de jierren hinne waard it fabryk in modern bedriuw dat no dochs ticht moat. It jier 2009 wie it lêste jier dat de produksje folop draaide. Der waard doe 23 miljoen kilo tsiis makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)