Untslaggen by Tadema

Tadema Bedriuwen jout 31 fan de 160 meiwurkers dien. Dat is in direkt gefolch fan de krisis. Mar it komt ek trochdat it bedriuw minder faak sels bouprojekten útfiert. Yn stee dêrfan jout Tadema hieltyd faker advys oer de oanpak fan projekten. Dat kostet benammen timmerlju de kop, dy't Tadema no dien jaan moat.
Foar de minsken dy't ûntslach krije, is in sosjaal plan makke. Tadema hat festigings yn Ljouwert, Snits en Grins.