Schuil wint yn Noarwegen

30 jun 2011 - 14:18

Beachfollyballer Richard Schuil hat tegearre mei syn maat Reinder Nummerdor in oerwinning helle yn in wedstriid fan de World Tour-searje. Yn it Noarske Stavanger wiene de Nederlanners mei 2-1 te sterk foar de Switsers Heuscher en Bellaguarda. De setstannen wiene 21-18, 14-21 en 15-10.

Schuil en Nummerdor binne as 22e pleatst op it toernoai. Letter op de dei moatte de Nederlanners it opnimme tsjin de Amerikanen Rogers/Dahlhausser dy't as twadde pleatst binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)