Winkel oerfallen op 't Fean

De winkel dêr't de oerfal wie (foto: Omrop Fryslân)
In kleanwinkel oan de Dracht op It Hearrenfean is woansdei oerfallen. Twa manlju bedrigen in meiwurkster mei in mes. Dy joech de oerfallers in ûnbekend jildbedrach mei. Dêrnei naaiden de manlju út yn de rjochting fan it Molenplein. Se moasten útwike foar in fuotgonger. De plysje wol graach mei dy persoan prate as tsjûge.
It giet om twa manlju fan 1.80 m. en 1.90 m. lang. Se binne 30 oant 35 jier âld. De iene man is keal, de oare hie it hier yn 'e war.