Wer ynbraak kasino De Jouwer

It kasino op 'e Jouwer (foto: Omrop Fryslân)
Yn it kasino op 'e Jouwer is alwer ynbrutsen. Om sawat healwei fjouweren gie it ynbraakalarm ôf. De plysje seach in auto fuortriden sûnder ljochten oan. Nei in achterfolging koe de auto klemriden wurde op de Eeltjebaes. Ien fan de twa ynsittenden is útnaaid. De oare, in 45-jierrige ynwenner fan Den Haach, is oanhâlden. Yn de auto hat de plysje ynbrekkersark en it stellen jild fûn.
In wike lyn is ek al ynbrutsen yn it kasino op 'e Jouwer.