Stipe wenje boppe winkels

30 jun 2011 - 11:21

De leefberens yn de Ljouwerter binnenstêd moat better, fynt de gemeente. Dêrom hat de gemeente Ljouwert in subsydzjeregeling ynsteld om de boppeferdjippings fan winkels op te knappen. Sa moatte mear minsken yn de strjitten nei it sintrum ta komme te wenjen.

De skuonwinkel fan Kamsma oan de Nije Easterstrjitte wie tongersdei as earste oan bar. Wethâlder Deinum seit dat der ek al tsientallen oare belangstellenden binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)