Stichting Parochyhûs rêden

29 jun 2011 - 21:52

De stichting Parochyhûs yn Sint Nyk liket rêden. It kolleezje fan B en W fan Skarsterlân is tefreden oer in nij plan fan de bank. Alle tekoarten en lieningen fan de stichting wurde ûnderbrocht yn ien liening fan hast in heal miljoen euro. De bank hat it rintepersintaazje nei ûnderen bysteld.

De stichting is eigner fan it sealesintrum yn it doarp. Nei in grutte ferbouwing wie der in grut finansjeel tekoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)