Aksje jonge keunstners

Foto: Andries Bakker, Omrop Fryslân
Jonge muzikanten, akteurs en dûnsers moatte ek yn de takomst subsydzje krije fan de provinsje. Om dat ûnder de oandacht te brigen brochten se woansdei op it Provinsjehûs foar it begjin fan de steatekommisje in koarte act.
Jongeren fan theaterskoalle N Meeuw, de jeugddûnsoplieding Fryslân en it Frysk Jeugdorkest diene mei oan de foarstelling. Se woene dêrmei ek sjen litte wat se leard hawwe mei subsydzje fan de provinsje.