Sertifikaat 'tûke skoallen'

© Omrop Fryslân
Yn Mullum binne woansdei de earste begaafdheidspredikaten oan Fryske basisskoallen útdield. Fjouwer skoallen jouwe yn it ûnderwiis ekstra omtinken oan hiel tûke bern. Faak is foar sokke bern te min omtinken. Harren talinten komme dan net goed ta ûntwikkeling.
De skoallen dy't no it predikaat helle hawwe, binne CBS De Frissel yn Feanwâlden, de Dûmny Hasperskoalle yn Akkrum, Daltonskoalle Sint Jozef op De Lemmer en de Tongerskoalle yn Mullum.