Foech Frysk ferplicht

29 jun 2011 - 16:50

Alle ûnderwizers op 'e basisskoallen fan skoalferiening Nije Gaast yn de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Nijefurd moatte tenei it foech Frysk hawwe. Boppedat moatte dejingen dy't it foech al hawwe, dizze en takom wike in toets dwaan. Is it nivo te leech, dan moatte se op kursus.

Der binne noch in soad ûnderwizers dy't it Frysk net goed behearskje. Deputearre Jannewietske de Vries is bliid mei it inisjatyf. Se fynt dat de Nije Gaast it goede foarbyld jout.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)