Tsjongerskâns oer 100 jier

De Tsjongerskâns op It Hearrenfean (foto: Omrop Fryslân)
De Tsjongerskâns op It Fean hâldt in wedstriid foar it 100-jierrich bestean. Bern fan basisskoallen yn de omkriten meie in 'sikehûs fan de takomst' betinke. Se kinne in tekening, omskriuwing of in bouwurk ynstjoere. It giet dan om in sikehûs oer hûndert jier. De resultaten kinne se op de iepen dei fan it sikehûs yn septimber ynleverje. Op de iepen dei is ek te sjen wat de ôfrûne hûndert jier feroare is yn De Tsjongerskâns.