'Predikaat monumint lestich'

29 jun 2011 - 13:44

Snobbersguodfabryk Leaf Holland yn Snits wol tongersdei by de rjochter ôftwinge dat it predikaat ryksmonumint foar in part komt te ferfallen. Leaf sit yn it eardere gebou fan Tonnema Pipermuntfabriken.

Yn 2007 is it âlde muntsjefabryk in ryksmonumint wurden. Dat jildt net allinnich foar de bûtenkant, mar ek foar de binnenkant. Dat lêste hâldt neffens de direksje de ekonomyske ûntjouwing fan it bedriuw tsjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)