Soad wjerljocht oan de loft

It needwaar fan tiisdeitejûn hat laat ta in ekstreem soad ûntladings fan wjerljocht. Bliksembefeiliger Van der Heide út Kollum hat fêststeld dat yn Nederlân rûchwei 57.000 flitsen west hawwe. Dat is hiel heech. Earder binne der wolris mear as 80.000 elektryske ûntladings teld.
Benammen yn de omkriten fan De Jouwer wiene in hiel soad flitsen. Dat komt troch de marren en de oare wetters dy't dêr by 't soad binne.