'Flylân bêste wengemeente'

Foto: Omrop Fryslân
Flylân is de bêste Fryske gemeente om yn te wenjen. Dat stiet te lêzen yn in ûndersyk dat opinyblêd Elsevier dwaan litten hat. Alle gemeenten yn Nederlân binne mei-inoar ferlike. Der is sjoen nei saken lykas kwaliteit fan 'e wenomjouwing, oerlêst, feiligens en berikberens.
Flylân komt as bêste Fryske wengemeente út de bus. Lanlik is dat Haren yn Grinslân. Yn de top tsien stean gjin Fryske gemeenten.