Oerlêst troch tongerbuien

28 jun 2011 - 23:09

It swiere waar fan tiisdeitejûn hat op in soad plakken foar wetteroerlêst soarge. It dak fan in soarchsintrum yn Sint Anne drige yn te sakjen ûnder al it reinwetter. De brânwacht koe it wetter op 'e tiid fuortpompe.

In soarchsintrum op 'e Westereen hie ek lêst fan wetter. In pear bewenners moasten út de keamers wei. Yn Feanwâlden, Dokkum, Droegeham, Ljouwert en Nes op It Amelân moast de brânwacht yn aksje komme omdat der kelders folrûn wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)