Minskehanneler moat de sel yn

28 jun 2011 - 16:03

De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei trije jier selstraf easke tsjin in 26-jierrige man yn ferbân mei minskehannel. De man, dy't gjin fêst wenplak hat, wurdt der fan fertocht dat hy froulju ferline jier ûnder twang wurkje liet yn de prostitúsje.

De man wurdt ek beskuldige fan drugsbesit en it brûken fan in falsk rydbewiis. De rjochtbank docht oer twa wike útspraak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)