REC stillein nei steuring

De reststoffe-enerzjysintrale yn Harns hat tiisdeitemoarn foar lûdsoerlêst soarge. Der is in steuring oan de kondinsor-ynstallaazje. Omdat ferhelpe te kinnen moast der earst stoom ôfblaasd wurde. Om't hite stoom ûnder hege druk troch in fentyl giet ûntstiet in lûd. Dit wie yn de omjouwing goed te hearren.
Der binne gjin skealike stoffen frijkaam. De REC is bûten gebrûk oant de steuring ferholpen is.