Soad brieven oer Tryater

28 jun 2011 - 13:37

De Twadde Keamerleden hawwe de ôfrûne wiken in bysûnder soad brieven oer Tryater en de Fryske taal en kultuer krigen. Al dy reaksjes hawwe holpen om yn de Twadde Keamer in draachflak te krijen foar stipe foar Tryater.

Dat seit artistyk lieder Ira Judkovskaja fan it Frysktalige toanielselskip. Sy fynt it opfallend dat ek bûten Fryslân in soad stipe foar Tryater is. Judkovskaja wol graach alle briefskriuwers betankje foar harren stipe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)