Mravec op proef by SC Cambuur

Michal Mravec traint dizze wike op proef mei by Sportklup Cambuur. De Slowaak Mravec is 24 jier en is in kontrolearjende middenfjilder. Hy spile de ôfrûne jierren foar ferskate kolleezjeteams yn Amearika.
Mravec waard oplaat troch de Slowaakske topklup MSK Zilina. Hy traint yn elts gefal oant tongersdei mei. Mocht Cambuur it yn him sitten sjen, dan sil hy kommend wykein meispylje yn de earste oefenwedstriden fan de tarieding.