Dronken skipper op de bon
De plysje hat earder dizze wike by De Lemmer in 63-jierrige skipper út Wognum op de bon slingere. De plysje wie tipt oer de man omdat er hast in tal oare boaten oanfearn hie. Ek koe de man mar kwalik op koers bliuwe.
Ut in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie. Hy krige in farferbod fan seis oeren en in proses-ferbaal.