Jonges ferniele kantoar

De plysje hat twa jonges fan 15 fan It Hearrenfean oanhâlden fanwege it fernielen fan in kantoargebou yn har wenplak. Dat wie yn it wykein nei Himelfeartsdei. Fan it gebou waarden sa'n 40 ruten ynslein en der waard graffity op de muorren spuite.
It slagge de plysje har oan te hâlden omdat der bylden wiene fan bewakingskamera's by it gebou. Dy waarden op ynternet set en smieten in tal tips op. De plysje ferwachtet noch mear oanhâldings yn dize saak.