Trije ferwûnen op Wâldwei

Op de ôfrit fan de A31 rjochting it Drachtsterplein yn Ljouwert hat tiisdeitemoarn in slim ûngelok west. Der wiene twa auto's op elkoar botst. Trije minsken binne dêrby ferwûne rekke, ien fan har rekke beknypt en is troch de brânwacht út de auto helle.
Ferkear fanút Drachten nei Ljouwert moast fia Burgum de stêd yn. Ferkear fanút It Hearrenfean moast dat dwaan fia it Oostergoplein. De dyk is goed njoggen oere wer frij-jûn foar it ferkear.