Doppen sammelje foar hûnen

27 jun 2011 - 22:33
Hotze Pal

Hotze Pal fan De Knipe bringt tiisdei 1400 kilo plastic doppen nei in fabryk yn it Belgyske Tongeren. De fracht smyt sa'n 400 euro op. De opbringst fan de doppen giet nei de oplieding fan hûnen foar bline minsken.

De doppen moatte skjin oanlevere wurde oan it fabryk. Se wurde dêrom earst wosken yn de waskmasine. De oplieding fan in hûn kostet 15.000 euro. Yn België binne ferline jier trettjin hûnen oplaat mei it jild fan de doppen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)