Krityk op rêding Tryater

It protest liket holpen te hawwen
Der is krityk op it rêdingsplan fan Tryater. De opposysjepartijen yn de Twadde Keamer binne min te sprekken oer it plan fan de koälysje om jild frij te meitsjen foar Tryater. De partijen begripe net dat allinnich regionale selskippen rêden wurde en gjin selskippen út de Rânestêd.
In mearderheid is lykwols foar it rêdingsplan, wêrtroch Tryater nei alle gedachten bestean bliuwe kin. Yn de Keamer wurdt moandei debatearre oer de kultuerbesunigings.