Sylrace foar katamarans Harns
De Frisian Yachtclub fan Harns fynt dat de seesylkultuer yn Harns in ympuls ha moat. Dêrom organisearje se op sneon 9 july in lange-ôfstân sylrace op it Waad en de Noardsee. De wedstriid is foar katamarans. De start is by strânpaviljoen 't Zilt.
As it op 9 july min waar is, wurdt de race in dei letter hâlden. It publyk kin de race fan tichtby folgje as se in plakje sykje op de "Regina Andrea".