Gaslek yn Boarnsweach
By sloopwurk oan in gebou oan de Wielenleanne yn Boarnsweach is moandeitemiddei in grut gaslek ûntstien. It gebou is earder ôfbaarnd en wurdt dêrom sloopt en dêrby is de gaslieding rekke.
Netwurkbehearder Enexis is dwaande om it lek ticht te meitsjen. De brânwacht hat de strjitte ôfsletten.