Brân yn berne-opfang Drachten
Der is moandeitemiddei brân útbrutsen yn berne-opfang Het Bijenhuis yn Drachten. Neidat der moandei in nij dak op it gebou kaam is, waard der middeis reek op it dak ûntdutsen.
Alle oanwêzige bern wiene krekt it gebou út om nei hûs ta te gean. De oarsaak is noch net fûn en it is ek net bekend hoefolle skea der is.