Oerfaller yn Snits socht

De plysje siket moandeitemiddei yn Snits nei in wapene oerfaller. It giet om in donker klaaide man, dy't in winkel oan de Galigapromenade oerfallen hat. De man is dêrnei útnaaid yn de rjochting fan it sintrum. Fia Burgernet is ek frege om nei de man út te sjen, mar sûnder resultaat. De aksje is wer ôfsein.
De plysje warskôget de man net sels oan te hâlden, hy is bewapene.