Fuotballers misdrage har

27 jun 2011 - 11:37

Spilers fan in senioareteam fan VV Nijlân hawwe har dit wykein misdroegen op It Amelân. Freedtejûn hawwe fjouwer spilers op it strân blikjes alkohol stellen. Op de weromreis nei de kampearbuorkerij fernielden se it taksybuske en bedrigen de sjauffeur. De man sei tsjin de plysje dat er noch nea sa bang west hie.

De fjouwer spilers binne oanhâlden en hawwe inproses-ferbaal krigen. De plysje hat de fuotballers fersocht it eilân te ferlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)