De Dijk slotact fan Oerol 2011

26 jun 2011 - 17:31

Oerol 2011 is sneintejûn ôfsletten mei in soarchfâldich geheim hâlden ferrassingsoptreden fan De Dijk. Oerol hie De Dijk hjirfoar frege omdat de band lykas Oerol sels dit jier tritich jier bestiet. It optreden wie ek bedoeld as in kadootsje foar de eilanners, sa seit de Oerol-direksje.

It Oerolfestival hat dit jier 52.000 besikers lutsen, in bytsje minder as yn 2010. Yn 2012 komt der in 31ste edysje, ek as de besuniging troch it ryk trochgiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)