Amels springt 2,15 m heech

26 jun 2011 - 15:45

Heechspringer Douwe Amels van Drachten hat snein syn pr fan 2,18 meter net ferbettere. Op in kompetysjewedstriid yn Drachten besocht Amels 2,20 meter te springen, mar dat mislearre. De atleet van Impala sprong net heger as 2,15 meter, mar dat wie wol genôch foar de deiwinst.

Amels riedt him ta op it oansteande EK atletyk yn it Tsjechyske Ostrava en wol der no syn pr ferbetterje. Dat soe op it EK foar atleten ûnder de 23 in top 10 plakje betsjutte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)