Auto rydt troch nei oanriding

26 jun 2011 - 13:49

Op it Blokhûsplein yn Ljouwert is sneontenacht in jonge (18) ferwûne rekke, doe't hy oanriden waard troch in auto. De jonge stuts mei in groepke it plein by de âlde finzenis oer en doe kaam der fan de brêge ôf in swarte of donkerblauwe VW golf oanriden. De auto ried troch en skepte de jonge. De auto ried nei de oanriding troch, sûnder nei de jonge om te sjen.

De jonge is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)