Plysje hâldt wyldpisser oan

26 jun 2011 - 13:38

Op de Night of the Koemarkt op It Hearrenfean hat de plysje in wyldpisser (31) fan It Hearrenfean oanhâlden. De man wegere om foar it pisjen in bekeuring fan 90 euro te beteljen. Hy woe gjin ID-kaart sjen litte en misledige de plysje.

De plysje hat him dêrom oerbrocht nei it plysjeburo en foar neier ûndersyk ynsletten. De Night of the Koemarkt ferrûn fierder sûnder grutte problemen. Wol waarden 19 wyldpissers bekeurd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)